Tryater makket “Hjir ha ik west” yn Jannum opstapplak foar de bus E10 yn Rypstjerk

Beoordeel dit item
(0 stemmen)

Tryater makket Hjir ha ik west yn Jannum Wat betsjut it foar de bewenners, foar de terp, foar de minsken dy’t rûnom de terp wenje en foar toeristen dat yn Jannum, it lytste terpdoarp fan ‘e wrâld, noch mar ien hûs op de terp bewenne wurdt? En hoe soe Jannum der útsjen yn 2053? Hoe wolle we dat it der út sjocht? Moat alles bliuwe sa’t it no is? Wurdt it in soarte fan iepenloftmuseum? Teatermakster Aukje Schaafsma rekke fasinearre troch krimp fan doarpen en is hiel bliid dat se dêr yn Jannum in foarstelling oer meitsje mei. It wurdt in bustoer en ekskurzje nei it Jannum fan 2053. Aukje is al drok dwaande om mei Jantien de Boer fan de Leeuwarder Courant ferhalen te sammeljen. Faaks hat se ek by jimme op de kofje west. Jantien sil de ferhalen ek publiseare yn de Leeuwarder Courant.

Net in gewoane foarstelling mar in ekskurzje

It wurdt net in gewoane foarstelling mei in poadium, in tribune en in ferhaal… Hjir ha ik west bestiet út:

*In teatrale bustoer fanút Ljouwert nei Jannum, begelaat troch stewards. *In fashionshow oer de Tsjerkestrjitte, mei minsken dy’t op foalchoarder fan de skiednis it doarp út rinne. *Frij rûnsjen op de terp, mei twa stewards en in plattegrûn, dêr’t yn de huzen fideo-projeksjes te sjen binne en ynterviews te hearen binne dy’t Aukje mei Jantien de Boer fan de Leeuwarder Courant makket. *De weromreis nei de bus nei Ljouwert.

Yntusken is it definitive opstapplak foar de bus ek bekend: Wokpaleis E10 by Ryptsjerk.

Figuranten socht

Foar de fashionshow is Aukje op syk nei figuranten. Ast net alle data beskikber bist, dan is der yn oerlis wol wat op te betinken. De tiden binne rom nommen.

Repetities:

Zaterdag 9 maart uitleg/doorpassen kostuums: 19:00 - 21:30u - Jannum op de Terp

Zaterdag 23 maart - doorpassen kostuums en repetitie van de fashionshow van 10:30u. tot  13:00u - Jannum op de Terp

Doorloop:

Dinsdag 2 april - Doorloop 1: 18:30u t/m 22:00u. 

Woensdag 3 april - Doorloop 2: 18:30u t/m 22:00u. 

 

Voorstellingen week 1:

Donderdag 4 april - Try-out met publiek 18:30u t/m 22:00u. 

Vrijdag 5 april - 18:30u t/m 22:00u. 

Zaterdag 6 april - 18:30u t/m 22:00u. 

Voorstellingen week 2:

Donderdag 11 april 18:30u t/m 22:00u. 

Vrijdag 12 april 18:30u t/m 22:00u. 

Zaterdag 13 april 18:30u t/m 22:00u. 

 

Wolst meidwaan? Jou dy op troch in mail mei dyn namme, leeftiid en adres te stjoeren nei Aukje: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken..

Bestel gau kaarten It tal kaarten is beheind. Bestel dus gau! De kaarten binne al te keap op www.tryater.nl. Let op: Publyk kin de ekskurzje allinne hielendal meimeitsje, dus ynklusyf de busreis fan Ljouwert nei Jannum en werom. It is foar publyk net mooglik om yn Jannum oan te sluten. Hjir ha ik west is y.f.m. de busreis en it rûnsjen yn de huzen net goed tagonklik foar minsken dy’t in rolstoel of rollator brûke. Leeftiidadvys: 12+.

Yntusken is it definitive opstapplak foar de bus ek bekend: Wokpaleis E10 by Ryptsjerk.

Op de hichte bliuwe fan Hjir ha ik west? Yn de Flieterper bode fan maart fertelle wy graach mear. Of sjoch op www.tryater.nl, skriuw dy yn foar de Tryaternijsbrief of folgje Tryater op Twitter, Facebook of Instagram.

 

Wy sjogge der nei út om by jim te spyljen! Tryater

 

Laat een reactie achter

Zorg ervoor dat u de verplichte (*) velden invult waar dit is aangegeven. HTML code is niet toegestaan.